Automobilist naait út nei oanriding Boelensloane

03 jul 2015 - 10:12

In 21-jierrige bestjoerder út Boelensloane is tongersdeitemiddei oanhâlden foar it feroarsaken fan in oanriding op de Boelenswei. Dêrby rekke in 48-jierrige brommerrider út Surhústerfean ferwûne.

De man stie stil om in bus mei oanhingwein de gelegenheid te jaan om achterút in hiem op te riden. De brommerrider waard mei hege snelheid fan achteren oanriden troch de automobilist. Troch de klap waard de brommerrider lansearre tsjin de bus. De automobilist naaide út.

De man kaam noch wol werom om in ferlerne kentekenplaat op te pakken, mar naaide dernei op 'e nij út.

De plysje hat de bestjoerder letter yn Surhústerfean oanhâlden. De bestjoerder fan de brommer is troch meiwurkers fan de ambulânse behannele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)