Ljouwerter twa kear betrape troch plysje

03 jul 2015 - 08:49

In 18-jierrige Ljouwerter is tongersdeitejûn twa kear achter mekoar oanhâlden. De jonge waard earst troch de plysje op it Noordvliet oan de kant setten om't hy mei drank op achter it stjoer siet.

Doe waard proses-ferbaal opmakke en de bestjoerder krige in rydferbod. Mar de plysje seach de dôfhûdige knaap letter dochs wer riden. Hy is dêrnei op 'e nij oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)