Undersiker sjocht it Biltsk as taal en net as dialekt

02 jul 2015 - 21:18

It Biltsk is in echte taal en wis gjin dialekt. Dat hat ûndersiker Paulus van Sluis fan de Fryske Akademy tongersdeitejûn bekend makke. Hy hat der ûndersyk nei dien en in rapport oer makke. Dat rapport is oerlange oan de gemeente It Bilt, de provinsje en in ferskaat oan oare organisaasjes. Ien fan de redenen wêrom''t it Biltsk in echte taal is, is omdat it in saneamde kultuertaal is.

Der wurde taalkursussen yn jûn en der binne dêrom ek noarmen dêr't de taal oan foldwaan moat.

It rapport is in boustien om in Europeeske minderheidstaal te realisearjen foar It Bilt. Dêrfoar moat it Nederlânske regear de taal dan wol foardrage. Der binne seistûzen minsken dy't Biltsk prate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)