Auto rekket pealtsje en bedarret op sydkant yn Drachten

02 jul 2015 - 19:58

Op de Morra yn Drachten hat tongersdei oan it begjin fan de jûn in auto in pealtsje rekke en is dêrnei op de sydkant telâne kaam. De brânwacht waard ynskeakele om de automobiliste út de auto te heljen. De frou is neffens de plysje net ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Drachten auto
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)