ACM akkoart mei oername Pasana troch Kwadrant en ZO-Zorg

02 jul 2015 - 18:15

Konkurrinsjewaakhûn ACM hat de oername fan Pasana Ouderenzorg troch de KwadrantGroep en ZuidOostZorg goedkard. Dêrtroch is it foar de kuratoaren mooglik om te begjinnen mei de oerdracht. Dy sil fan 1 augustus ôf yn gong set wurde en op 1 septimber klear wêze. Troch de oername bliuwt 82 prosint fan de wurkgelegenheid yn stân.

By Pasana Ouderenzorg wurkje 1045 minsken. De soarch foar de seishûndert bewenners fan Pasana giet gewoan troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)