Moasje gaswinning Skylge pas nei de simmer yn Twadde Keamer

02 jul 2015 - 18:15

De moasje tsjin de gaswinning op Skylge wurdt pas nei de simmer yntsjinne yn de Twadde Keamer. Dat waard tongersdei bekend. De Twadde Keamer prate tongersdei wer oer de gaswinning op Skylge.

It bedriuw Tulip Oil wol op Skylge gas út de grûn helje. Eilanners binne benaud dat it grutte gefolgen hawwe sil foar de natoer en it toerisme op it eilân. De PvdA, Grienlinks en Partij van de Dieren hawwe in moasje ûndertekene tsjin de gasboarrings op it eilân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)