Provinsje hâldt op mei wenoffinsyf

02 jul 2015 - 14:59

De Provinsje Fryslân komt net mei in tredde edysje fan it wenoffinsyf. De aksjeperioade om de huzeferkeap te stypjen wurdt takom jier troch de makelers sels organisearre. It projekt feroaret wol fan opset.

Op de twadde edysje, yn april dit jier, binne seishûndert wenten ferkocht. Yn de earste edysje wienen it hast fjouwerhûndert. It is lykwols net wis oft de hegere ferkeap troch it wenoffinsyf komt. De wenningmerk sels is ek oanlutsen. Makelersorganisaasje NVM is tefreden oer de ôfrûne edysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)