Eveneminten gean net troch fanwege waarmte

02 jul 2015 - 14:09

It waarme waar soarget derfoar dat rûnom yn de provinsje eveneminten ôfsein wurde. Sneon gean yn Snits it kulinêr evenemint Lekker Sneek en hurdfytswedstriid de Ronde van Kroon net troch. De Fryske Folkloaredei op It Hearrenfean en de Swaddekuier yn Bûtenpost gean ek oer. En yn Kollum bliuwe de crossauto's oan de kant stean, om't de jubileumwedstriid fan de autocross ek net trochgiet.

It festival Beachrockers yn Sint Nyk en de iepen dei fan SC Hearrenfean gean troch, mar wol mei ekstra maatregels.

De Frysman Triatlon, de earste folsleine triatlon fan Fryslân mei 3,8 kilometer swimme, 180 kilometer fytse en 42 kilometer hurddrave, giet foarearst wol troch. Mooglik sil de wedstriid wol twa oeren letter begjinne of hielendal ferpleatst wurde nei snein. Dêr wurdt tongersdeitejûn in beslút oer naam.

Trefwurden: 
waarmte ôfsizzings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)