Swimwarskôging op ferskate plakken fanwege blau-alch

02 jul 2015 - 13:47

Mei it waarme waar stekt blau-alch ek wer de kop op. Op ferskate plakken is melding dien fan de wetterbaktearje dy't ûnder oare pine yn de holle, diarree, jokte en koarts feroarsaket. Minsken moatte net swimme yn it dúnmarke Hee op Skylge, de Swanneblom by Slappeterp, strân Meerkoet oan de Lauwersmar, De Leijen by De Rottefalle, de Aldegeaster Brekken by Snits en badpaviljoen Hindeloopen by Hylpen.

Blau-alch ûntstiet by in temperatuer boppe de 20 graden. It driuwt as in laach op it wetter en is werkenber oan de blau-griene kleur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)