Twadde fertochte oerfal op wenboat yn Snits oppakt

02 jul 2015 - 13:27

De plysje hat woansdei in twadde fertochte oppakt foar de oerfal op in wenboat yn Snits. It giet om in 40-jierrige man út Snits. Goed twa wike lyn waard de earste fertochte, in 24-jierrige Snitser, oanhâlden. De twa soene begjin juny in 69-jierrige frou oerfallen hawwe op har wenboat oan de Selfhelpwei.

By de oerfal waard it slachtoffer mishannele. Sy moast mei in ambulânse nei it sikehûs. De plysje lit witte dat it ûndersyk nei de oerfal fierder giet.

Trefwurden: 
Snits oerfal fertochte wenboat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)