Rûnom wurde brêgen wietspuite

02 jul 2015 - 10:53

De Drachtsterbrêge by Ljouwert wurdt ûnder wetter spuite. Dat is om de brêge koel te hâlden en steurings foar te kommen. Ofrûne tiisdei wie der in steuring: de slachbomen wurken net mear. Nei alle gedachten kamen dy problemen troch de waarmte. It wetter spuitsjen giet troch salang't it waarm bliuwt.

Op in soad plakken yn Fryslân wurde brêgen wietspuite om te foarkommen dat se net mear iepen en tichtgean kinne. Dat wurdt ûnder oare dien mei de brêgen fan Koarnwertersân en de brêgen fan Burdaard, Dronryp en Skûlenboarch.

De technyske tsjinst fan de provinsje Fryslân hâldt mei-inoar sa'n njoggentich brêgen skerp yn de gaten. Brêgen dêr't de provinsje fan wit dat se waarmtegefoelich binne, lykas de Drachtsterbrêge yn Ljouwert, wurde út foarsoarch wiet hâlden. Fanwege it ferwachte waarmterekôr hâldt de provinsje der rekken mei dat der mear brêgen wietspuite wurde moatte as oars. De provinsje hat pompen en meiwurkers achter de hân om yngripe te kinnen dêr't dat nedich is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)