Frjentsjerter mei GHB oppakt yn Ljouwerter Prinsetún

02 jul 2015 - 10:36

De plysje yn Ljouwert hat woansdeitemiddei in man (21) út Frjentsjer oppakt omdat er GHB by him hie. De man wie yn de Prinsetún net goed wurden. Omstanners bellen dêrom de helptsjinsten. Doe't de ambulânse en de plysje der wienen, kaam de man wer by. Hy hie in flesse mei GHB by him. Dy is yn beslach naam.

De man is nei ûndersyk troch it ambulânsepersoniel oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
GHB Prinsetún
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)