Caner Cavlan is in Fryske Superboer

02 jul 2015 - 10:11

De lêste oanwinst fan SC Hearrenfean, Caner Cavlan, fielt him thús yn Fryslân. De 23-jierrige Cavlan is in produkt fan de jeugoplieding fan De Graafschap en stiet de kommende trije seizoenen ûnder kontrakt by Hearrenfean. Cavlan hat der nea in geheim fan makke dat hy nei syn karriêre werom komme wol op De Vijverberg.

"Ik blijf een Superboer", sa sei hy earder alris op Twitter. Mar dat hy him in pear dagen nei syn oerstap thús fielt yn it hege Noarden, blykt út in foto op syn Twitteraccount mei pompeblêdklompen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)