Ald-boargemaster Eggens fan Dantumadiel ferstoarn

02 jul 2015 - 10:03

Ald-boargemaster Jan Eggens fan Dantumadiel is tiisdei ferstoarn yn Ommen. Hy is 72 jier wurden. Eggens wie al in skoft siik. Fan 1996 oant 2004 wie er earste boarger yn Dantumadiel. Dêryn makke hy de roerige tiid mei neidat Marianne Vaatstra fermoarde wie. It wie it djiptepunt yn syn karriêre, sei er sels. Nei syn tiid yn Dantumadiel ferhuze Eggens wer werom nei Oerisel. Dêr kaam er oarspronklik ek wei.

De gemeente Dantumadiel hat tiisdei yn de riedsgearkomste in minút stilte hâlden yn ferbân mei it ferstjerren fan de âld-boargemaster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)