Tineke Mollema nij SP-riedslid Súdwest-Fryslân

02 jul 2015 - 07:54

Tineke Mollema wurdt tongersdei ynstallearre as nij riedslid foar de SP yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân. Mollema folget sittend riedslid Ruben Strubbe op. Hy kin syn wurk en it frijwilligerswurk by de brânwacht net mear kombinearje mei it riedswurk en hat dêrom syn sit oan de partij weromjûn. Hy nimt dêrom tongersdei ôfskied fan de ried.

Mollema stie as sânde op de list foar de SP en is ek de ôfdielingsfoarsitter fan de partij yn Súdwest-Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)