KNVB-beker: NAC-Hearrenfean, PSV-Cambuur

01 jul 2015 - 20:12

SC Hearrenfean moat it yn de twadde ronde fan de KNVB-beker opnimme tsjin NAC Breda. Dat hat in lotting tiisdeitejûn útwiisd. Cambuur nimt it yn dyselde ronde op tsjin PSV. Foar beide Fryske klups giet it om in útwedstryd, dy't spile wurdt op 22, 23 of 24 septimber.

Ek ONS Boso Sneek en Harkemase Boys stride mei om de beker. Harkemase Boys spilet yn de earste ronde thús tsjin De Treffers út Groesbeek. De winner fan dy wedstryd moat tsjin Roda JC. ONS Boso Sneek spilet thús tsjin Vlissingen. De winner fan dy wedstryd treft dêrnei FC Utrecht.

De lotting waard dien troch direkteur Hans Nijland fan FC Grins. Dy klup wûn dit seizoen de beker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)