Gemeentehûs De Fryske Marren wer iepen

01 jul 2015 - 16:10

De Fryske Marren hat syn earste rydbewiis útjûn, neidat de namme fan de gemeente offisjeel ferfryske is. De ôfrûne dagen wie it gemeentehûs ticht, sadat it kompjûtersysteem oanpast wurde koe.

Om 13.00 oere gie it gemeentehûs woansdei wer iepen. Femke Elsinga wie doe de earste dy't in rydbewiis oanfrege. Johan Haringsma wie de earste dy't in bern oanjoech. It giet om syn dochter Kim, dy't woansdei berne is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)