Kommissaris John Jorritsma jout jonge seehûn in lift

01 jul 2015 - 15:33
Dizze seehûn krige in lift fan kommissaris John Jorritsma - Foto: Twitter Kommissaris fan de Kening John Jorritsma

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma hat woansdeitemoarn in jonge seehûn in lift jûn. Jorritsma wie op wurkbesite op Skylge. De seehûn wie dêr sûnder mem oanspield op it Griene Strân. It bist hie driuwend iten nedich en moast dêrom nei de seehûnekresj yn Pieterburen.

De kommissaris waard dêrop frege it bist mei te nimmen, werom mei de wettertaksy. Dy stimde dêr fuortendaliks mei yn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)