Unfrede oer Oerol by festivalgongers en ûndernimmers

01 jul 2015 - 15:03

Op Skylge is in protte ûnfrede oer de lêste edysje fan it Oerol-festival. Guon festivalgongers sizze de sfear te missen, doe't der bygelyks noch muzyk wie op it Griene Strân. Ek inkele ûndernimmers hawwe krityk op de Oerol-organisaasje. Dy soe te kommersjeel wurde en troch de programmearring allinnich mar âldere minsken lûke.

Joop Mulder fan Oerol ûntkent dat en seit dat Oerol in teaterfestival is en giin muzykfestival. Hy nimt de krityk fan de gemeente, eilanners en festivalbesikers serieus. It rekket him.

Oerol ferkocht dit jier 130.000 kaartsjes foar de foarstellings. Dit is like folle as ferline jier.

Trefwurden: 
Skylge festival Oerol
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)