Wetterskip hâldt feankaden yn gaten mei waarmte

01 jul 2015 - 14:15

Wetterskip Fryslân sil nije wike de feankaden kontrolearje. Neffens it wetterskip rint it delslachtekoart nije wike fierder op. De feankaden binne it meast gefoelich foar droechte en kinne skuorre. Mochten ûnder de ynspeksje skuorren ûntdutsen wurde, dan ferheget it Wetterskip de kaai mei klaai.

It wetterskip ropt wettersporters op om it wetter skjin te hâlden. Bewenners moate sleatten goed skjin hâlde om't dy mei dit waar droech falle kinne. It wetterskip kin it peil op hichte hâlde troch wetter út de Iselmar binnen te litten.

Trefwurden: 
droechte wetterskip feankaden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)