Polderhoofdkanaal offisjeel iepene

01 jul 2015 - 13:58

Mei it ûntbleatsjen fan de nije namme fan de slûs, Schouwstraslûs, en feest foar de bewenners fan Nij Beets en De Feanhoop, is it Polderhoofdkanaal woansdei offisjeel weriepene. Der is 20 jier aksje foar fierd. Yn 2007 soe de skeppe de grûn yn, mar beswiermakkers skeakelen de rjochter yn.

It kanaal soe it leefgebiet fan de streepte wetterrôfkrobbe yn gefaar bringe. De rjochter en de Ried fan Steat joegen de beswiermakkers gelyk. Der is in nij plan makke, yn jannewaris 2014 kaam it ljocht op grien en is begûn mei it wurk.

Mei de nije farrûte op it Polderhoofdkanaal wurdt hope op mear rekreaasje en op ekstra wurkgelegenheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)