Undersyk nei âlde begraafplak Donkerbroek

01 jul 2015 - 13:32

It âlde tsjerkhôf fan Donkerbroek wie jierrenlang in heimsinnich plak. It begraafplak wie net mear goed te sjen omdat de grûn fan it hôf brûkt is foar it oanlizzen fan diken. Tsjerkehistoarikus Rienk Klooster die ûndersyk. Hy moete Fokke Heida, dy't eartiids neist it âlde tsjerkhôf wenne. Hy koe in soad fertelle oer de skiednis fan it begraafplak. Hy groef skedels op út it tsjerkhôf en bewarre dy op syn keamer.

It ûndersyk fan de tsjerkehistoarikus is klear en der is woansdei in nij ynformaasjeboerd delset op it begraafplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)