Fryske muzyk by presintaasje hurdfytsers Tour de France

01 jul 2015 - 12:31

De Fryske band Vangrail mei tongersdei by de ploegepresintaasje fan de Tour de France de muzyk fersoargje. In moaie put, want de bylden dat hurdfytsers op it poadium klimme om har foar te stellen oan it publyk, geane de hiele wrâld oer. En de muzikale beglieding fan Vangrail giet mei.

De ploegepresintaasje is tongersdeitejûn by Studio Tour op NPO 1 om 19.00 oere te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)