Kollum: "Plysje-aksjes"

01 jul 2015 - 09:58

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurket al jierren foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio. Op dit stuit presintearret hy op televyzje it programma ‘Gewest Fryslân’. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"It swit rint jim al ta de noastergatten út. De simmer hat einliks syn yntrede dien, de maitiid is al fergetten want dy ha we net iens hân. Sels de fûgels ha we net krigen, dus ha we de skries mar beneamd ta Vogel des Vaderlands. No ja, at je sokke titels jouwe wit je dat je sok guod nea wer sjen sille. De kening fan de greide is ferwurden ta in aardich spultsje Fryslân promotion. Dêr hoecht dizze simmer net iens folle mear oan taheakke te wurden. We kin ús fernuverje hoefolle saken, eveneminten, as der organiseard wurde yn Fryslân. De Fryske befolking wurdt hartstikkene gek fan it oeral mar hinne moatten, je ha net iens mear oan tiid om te wurkjen. Wy fan Omrop Fryslân kin net iens fakânsje ha, we moat oeral, oeral ferslach fan dwaan. Wy moatte alles folgje. Elk skûtsje dat troch de wyn giet, elke bal dy’t op it keatsfjild slein wurdt, elke sprong dy’t de fierljepper makket komt yn byld. Oer twa jier meitsje dy Grinzers der in ein oan, mar no kin it lekker noch. En dan ha’k it noch net iens oer al dy oare eveneminten, fan doarpsfeesten oant ielrikjen. Sjoch mar wat der kommend wykein allegear bart, alderûnhuerst. Mar at wy programma’s meitsje, moat it organisearre wurde én der moat al wat minsken op ôfkomme. Dan moat je konkurreare. Sju, we bin hjir yn Fryslân ek nochal Pieter Wening en Lieuwe Westra geil, dus we wolle tuskentroch ek noch hiele middeis nei in kopgroep sjen dy’t op de ein wer ynhelle wurdt, en dêrnei falle se allegear oer elkoar hinne en wat’t de minste bonken brekt wurdt winner fan de Tour de France. De TT hat dit wykein al oanjûn wat in drokte kommend wykein op de Nederlânske diken te sjen wêze sil fan al dy lju dy’t efkes tweintich sekonden hurdfytsers foarby gean sjen wolle.
At de plysjes dat tastean fansels. Justerjûn ha’k efkes mei in Fryske plysje praat. Dy giet net nei Utrecht, fierstente drok om dêr te kommen ju. Hy sei, fan ’t simmer krije we yn Fryslân foldwaande gelegenheid om op de trommel te slaan. Dy Van der Steur kin dan net oars dwaan as sizze we sille jim wat mear jild jaan, want oars krijt er hiel Fryslân oer him hinne. Ik soe noch foarsichtich sizze dat soks Van der Steur neat skele kin, mar hy lulde al troch.

‘Sjoch op de PC sille we om tolve oere de saak stillizze. Alle keatsers moat dan harren want ynleverje. Dy sille we kontroleare. Dat wol sizze dat we him earst weage, dan hielendal útelkoar skuorre, sjogge wat der yn sit, alles mjitte en dan soademiterje we dy rommel allegear yn in koer. Dy jouwe we dan oan Riender Triemstra en dan moat dy mar sjen at er foar fiven de saak wer yn elkoar naaid hat. Sa net, dan hat Cornelis Terpstra de PC wûn.
Yn Winsum by it Frysk kampioenskip fierljeppen sil de djipte fan de feart metten wurde. Net de dei fan te foaren, nee dat dogge we krekt foar de finale. Want at de de boaiem net op 2.50 sit mei der net mear ljept wurde. Dat is wierskynlik sa, dat betsjut dat der dan earst in baggerskip komme moat. We sille dat op alle fierljepplakken dwaan, dus dy 17 meter fan Marrit van der Wal giet wol wer út de boeken, ek Drylts is te ûndjip.

Elke wedstriid fan it skûtsjesilen sil in pear skippen oanhâlden wurde troch seis speedboaten fan ús. Op dy skippen sil ûndersocht wurde at de skipper wol in faarbewiis A hat. Telle at der ek mear as tolve man oan board sitte. Bin der wol swimfesten oan board foar elkenien. At der wol in medesynkiste is. Kinne froulju wol pisje. En fansels alkoholkontrôle, no dan kin ik no al sizze dat dy skippers de hiele 14 dagen net mear sile meie. Dus dan bin der op it lêst gjin mear oer.
Sa gean we de hiele simmer troch. Hynders, ielen, elektryskje boatsjelju, wat der ek net omdaveret yn Fryslân, we kontroleare. Sels de auto fan Omrop Fryslân, elke dei wer, dan bin der gjin útstjoerings mear’
O sei ik, dan oer jim aksjes ek net.
Doe wie’t efkes stil. It sil allegear wol net trochgean."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Eelke’s Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Trefwurden: 
Eelke Lok De Toan fan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)