Flopte Thomas Dalgaard giet werom nei Denemarken

01 jul 2015 - 09:31

Thomas Dalgaard giet definityf fuort by SC Hearrenfean. It kontrakt fan de Deenske oanfaller, dat noch trochrint oant 2017, wurdt per direkt ûntbûn. Dalgaard waard ferline seizoen oanlutsen as ferfanger foar Alfred Finnbogason, mar ferlear de konkurrinsjestriid fan Mark Uth.

De 31-jierrige oanfaller waard nei de winter ferhierd oan Odense BK, mar dat wie gjin sukses. Wol is Dalgaard yn ûnderhanneling mei in oare klup út Denemarken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)