Surhústers fiere aksje foar feiligere N358 mei fytstunnel

30 jun 2015 - 21:40

In flink oantal ynwenners fan Surhuzum en harren bern hawwe gehoar jûn oan de oprop fan de provinsje om nei de ynformaasjebyienkomst oer de N358 te kommen. De provinsje Fryslân presintearre tiisdeitejûn yn it doarpshûs de plannen om it stik fan de N358 fan Bûtenpost nei Surhústerfean feiliger te meitsjen.

Sa komme der ûnder oare paralleldiken en in ovale rotonde. Mar de Surhústers wolle in fytstunnel by it doarp, om't sy it oerstekken fan de dyk net feilich fine.

By de presintaasje die bliken dat der gjin sinten of plannen binne foar sa'n tunnel. It aksjekomitee 'Tunnelvariant, veiligheid Garant' lit it der net by sitte. Der sil fierder by provinsje en gemeente pleite wurde foar de fytstunnel.

Trefwurden: 
fytstunnel Surhuzum N358
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)