Wetterlieding Reduzum stikken riden troch frachtferkear

30 jun 2015 - 18:57

Troch it grutte lânbou-en frachtferkear binne der ûnder it asfalt fan de Ayttawei yn Reduzum wetterliedings stikken riden. It oertallige wetter soarget foar irritaasjes ûnder de ynwenners. It wetter klapt tsjin de ruten op wannear't der auto's delride, sa sizze de ynwenners.

Ek fine sy dat de auto's en it frachtferkear fierstente hurd ride troch it doarp. It asfalt en de wetterliedings soene dêrtroch noch mear stikken gean. De gemeente Ljouwert hat al earder aksje ûndernaam, mar it probleem is noch net ferholpen.

De gemeente lit yn in reaksje witte dat wetterbedriuw Vitens ferantwurdlik is foar it reparearjen fan de wetterliedings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)