Sosjale hierwenningen yn eardere gebou UPC Ljouwert

30 jun 2015 - 16:53

Der komme 33 sosjale hierwenningen yn it eardere gebou fan UPC oan it Noordvliet yn Ljouwert. De provinsje Fryslân jout hjirfoar in liening fan 154.000 euro. Dit komt út in spesjale pot jild foar projekten dy't de wenningmerk yn de provinsje oanpakke.

Doel is dat der mear goedkeape hierwenningen komme. Yn totaal is hjirfoar 5 miljoen euro oan lieningen beskikber. Allinnich projekten mei tsien of mear huzen komme foar de lieningen yn oanmerking.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)