Oanjefte tsjin fergassing fan guozzen

30 jun 2015 - 15:18

Ferskate natuerorganisaasjes en dûmny Hans Bouma dogge oanjefte tsjin de fergassing fan guozzen. Begjin dizze moanne waarden mear as tûzen guozzen deamakke omdat se foar oerlêst soargen foar Fryske boeren. Guon natuerorganisaasjes fine dat de guozzen troch de fergassing ûnnedich lije moasten.

Sa soene de guozzen wreed fong wêze, mishannele wêze en ûnnedich stress krigen hawwe. De oanjefte is dien tsjin Duke Faunabeheer, Faunabeheereenheid Friesland, Deputearre Steaten en direkteur Henk de Vries fan it Fryske Gea.

Trefwurden: 
guozzen oanjefte fergassing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)