Frans Duijts ferfangt Jan Smit op muzykfeest It Hearrenfean

30 jun 2015 - 14:11

Sjonger Frans Duijts ferfangt Jan Smit tiisdeitejûn as presintator fan it Sterren Muziekfeest op het Plein op It Hearrenfean. Jan Smit en Nick & Simon hawwe harren optredens ôfsein fanwege it ferstjerren fan harren manager Jaap Buijs.

Artysten dy't wol te sjen binne, binne ûnder oaren Dennie Christian, Django Wagner, Jelle B en Lytse Hille. De omrop AVROTROS makket opnamen fan de optredens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)