Bert van der Hoek nije bestjoersfoarsitter De Friesland

30 jun 2015 - 14:08

Bert van der Hoek wurdt de nije bestjoersfoarsitter fan soarchfersekerder De Friesland. Hy folget dêr Diana Monissen op, dy't sûnt begjin juny oan de slach is by it Prinses Máxima Centrum yn Utrecht. Van der Hoek wurket no noch as bestjoersfoarsitter by GGZ-ynstelling Lentis.

Hy is frege troch De Friesland om't er in soad kennis hat fan de soarch en in grut netwurk binnen de soarch yn Noard-Nederlân. Van der Hoek, berne yn Fryslân, begjint per 1 oktober by De Friesland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)