Eveneminten geane net troch yn ferbân mei de hjitte

30 jun 2015 - 13:22

It kulinêre evenemint Lekker Sneek op it Oud Kerkhof yn Snits giet sneon net troch. De organisaasje fynt it net ferantwurde yn ferbân mei de hjitte. Oan de iene kant is de Stichting Uit benaud dat de kuollers fan de dielnimmende restaurants it net oankinne. Dêrtroch soe it iten te waarm wurde kinne en dat smyt gefaar op foar de sûnens.

Oan de oare kant tinkt de organisaasje dat it op de lokaasje, yn de sinne en út de wyn, te waarm wurdt foar de besikers sels.

Ek op It Hearrenfean wurdt it programma fan sneon oanpast. Sa giet de Folkloaredei yn it Feanster sintrum net troch. De iepen dei fan SC Hearrenfean giet sneon wol troch, mar yn oanpaste foarm.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)