Goed jier foar de NOM: 9 miljoen euro winst

30 jun 2015 - 12:52

De Noardlike ûntwikkelings Maatskippij (NOM) hat yn 2014 9 miljoen euro oerhâlden. Dat is folle mear as yn 2013, doe't de NOM 2,4 miljoen oerhâlde. Dat hat neffens direkteur Siem Jansen te krijen mei risikofolle ynvestearrings dy't goed útpakten.

De winst wurdt dit jier brûkt foar nije ynvestearrings. De NOM sjocht ek in gruttere rol foar himsels no't banken oare bedriuwen yn it midden- en lytsbedriuw hieltiid minder finansiere wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)