SC Hearrenfean presintearret Cavlan en Van Den Boomen

30 jun 2015 - 11:20

Fuotbalklup SC Hearrenfean presintearet tiisdei twa nije spilers. It giet om Caner Cavlan en Branco van den Boomen. Cavlan komt fan De Graafschap en Van den Boomen fan FC Eindhoven. Cavlan moat de linkerkant fan SC Hearrenfean fersterkje, wylst Van den Boomen in middenfjilder is. De presintaasje fan tiisdei is noch wol op betingst, want beide spilers moatte noch troch de medyske keuring komme.

Ek is bekend wurden dat ferdigener Doke Schmidt syn kontrakt by SC Hearrenfean mei in jier ferlingd hat.

Schmidt is op it stuit oan it werstellen fan in ankelblessuere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)