Brantsje yn keuken wenhûs Snits

29 jun 2015 - 20:23

Yn in wenning oan de Willem de Zwijgerstrjitte yn Snits hat moandeitejûn brân west. It fjoer ûntstie yn de keuken. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle.

Om't de brânwacht yn earste ynstânsje tocht dat der noch in persoan yn it hûs wie, waarden meardere weinen alarmearre. By oankomst die bliken dat dyjinge al bûtendoar wie.

Trefwurden: 
Snits brân wenning keukenbrân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)