Wetterskip Fryslân rikt fiif stúdzjebeurzen út

29 jun 2015 - 19:30

Wetterskip Fryslân hat moandei fiif stúdzjebeurzen útrikt oan studinten dy't wetterrelatearde opliedings folgje. Sy krije twa jier lang it kolleezjejild fergoede. Boppedat is der in mentor dy't derfoar soarget dat de studinten ûnderfining opdogge mei de praktyk fan it wetterskipswurk.

It giet om twa MBO-studinten, twa HBO'ers en in studint dy't wittenskiplik ûnderwiis folget. As tsjinprestaasje moatte sy as ambassadeurs yn 't spier foar it wetterskip, helpe by projekten en foarljochting jaan op skoallen.

Wetterskip Fryslân is yn it stúdzjejier 2012/2013 úteinset mei dizze Topsektor-Wetterstúdzjebeurzen. Dat moat helpe om yn de takomst ek saakkundige minsken te hawwen foar it wetterskipswurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)