Konflikt âlden en basisskoalle De Wester rint op

29 jun 2015 - 17:31

It konflikt tusken âlden en de direksje fan basisskoalle De Wester yn Ljouwert rint fierder op. Neist âlden en bern dy't skorst binne, hâlde ek oare âlden harren bern thús. Oanlieding is grutte ûntefredenheid oer de skoallieding oer hoe't dy omgiet mei klachten oer geweld, yntimidaasje en misbrûk troch in 6-jierrige learling.

De skoalle hat oanjefte dien by de plysje, neidat âlden tongersdei ferhaal hellen op skoalle. De âlden dogge ek oanjefte. Tiisdeitejûn prate se mei harren advokaat om te sjen hokker stappen se fierder nimme kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)