Ljouwerter bedriuw mei Tour de France filmje

29 jun 2015 - 16:59

It Ljouwerter bedriuw YouBrand is frege om by de start fan de Tour de France yn de Jaarbeurs Utrecht alles te filmjen. It evenemintesintrum is start- en finishlokaasje foar de prolooch en startlokaasje fan de twadde etappe fan de hurdfytswedstryd. Ek wurde der sa'n 8000 Vips opfongen en 2500 sjoernalisten.

It Ljouwerter filmbedriuw hat de opdracht krigen it spektakel fêst te lizzen. Moarn reizget it bedriuw al ôf nei Utrecht om de earste shots te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)