Mear kondinsmolke en suvelprodukten nei Grikelân

29 jun 2015 - 14:05

Suvelbedriuw FrieslandCampina hat syn foarried kondinsearre molke en babypoeier yn Grikelân flink ferhege. It bedriuw rint dêrmei foarút op it mooglik hamsterjen fan iten en drinken troch de befolking. Fanwege de ûnwisse tiden yn it lân besykje de Griken genôch iten yn te slaan om in foarried op te bouwen.

FrieslandCampina sit sûnt 1929 yn Grikelân en is mei it merk NoyNoy merklieder. Der wurkje 450 minsken by de Grykske tak fan it bedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)