Fiskers op it Waad ha it dreech

28 jun 2015 - 15:48

It binne minne tiden foar de fiskers op it Waad. Net folle fiskers smite de netten noch út en boppedat is de see hast leech. Yn de jierren tachtich siet de Waadsee noch fol mei ferskate soarten fisk. Dat is in stik minder wurden, salm en iel sit der helendal net mear.

Neffens waadfisker Jan Geertsema leit dat net oan de fiskers, mar oan de regeljouwing. Hy makket him soargen oer de takomst fan de waadfiskerij. Hy siket opfolgers en iepenet in filearlokaal yn Lauwerseach. Dêr kin elkenien yn de kunde komme mei de fiskerij op de Waadsee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)