Rekôrtal besikers by festival Simmerdeis yn Drachten

28 jun 2015 - 13:34

It Simmerdeis Festival yn Drachten hat dit jier nei alle gedachten in rekôrtal besikers lutsen. De organisaasje rûst dat sa'n 30.000 minsken op it teater- en muzykfestival ôf kommen binne. Ferline jier wiene dat noch 24.000 minsken. Neffens programmeur Inge Imelman hat it alles te krijen mei it moaie waar fan de ôfrûne dagen.

Simmerdeis waard dit jier foar de njoggende kear organisearre yn it Slingepark yn Drachten. It festival duorret noch oant en mei sneintejûn. De krekte besikersoantallen wurde moandei bekend makke.

Trefwurden: 
Drachten festival Simmerdeis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)