Plysje: wês wach foar ynbrekkers yn fakânsjetiid

28 jun 2015 - 13:12

De plysje warskôget fakânsjegongers om net te lichtsinnich foto's en fakânsjeberjochten te pleatsen op sosjale media. Ynbrekkers lêze mei en witte dan dat bewenners net thús binne. De kâns op ynbraak wurdt dêrmei grutter.

De plysje stipet de lanlike kampanje fan de oerheid om simmerynbraken tsjin te gean. Njonken weromhâldend mei sosjale media om te gean, advisearret de plysje ek om ôfspraken mei famylje en buorlju te meitsjen. Ynbrekkers sjogge al gau wannear't ien net thús is.

Soargje der dus foar dat de post út de brievebus helle wurdt, dat ien de gerdinen iepen en ticht docht of dat sa no en dan jûns it ljocht baarnt. Op de websiden www.politiekeurmerk.nl en ww.politie.nl binne tips te lêzen oer hoe't it hûs it bêste achter litten wurde kin yn de fakânsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)