Josien Wijkhuijs krekt net op poadium yn Baku

28 jun 2015 - 10:40

Swimster Josien Wijkhuijs (16) fan Frjentsjer hat sneon krekt net in medalje helle by de Europeeske Spelen yn Baku. Op de 50 meter flinterslach kaam se ien hûnderdste te koart foar it brûns.

Mei 27,20 fêstige se wol in nij persoanlik rekôr. Har tiid is boppedat in Nederlânsk rekôr foar 16-jierrigen. It wie sneon de lêste dei fan it swimtoernoai by de Europeeske Spelen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)