Jild foar âld en jong yn Weststellingwerf

28 jun 2015 - 10:12

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Weststellingwerf stelt goed tsientûzen beskikber foar ferskate inisjativen yn de doarpen. Der giet 2.500 euro nei Nije- en Aldeholtpea en De Hoeve. Dizze doarpen jouwe de âldere ynwenners ynformaasje oer de mooglikheden om sa lang mooglik selsstannich te wenjen. Dêrfoar hâlde se ûnder oare in grutte soarchmerk.

Nijeholtpea en Boijl krije elts ek 2.500 euro. Dat is bedoeld om it tema âlderein en soarch foar elkoar yn de doarpsplannen, fierder út te wurkjen.

Yn Noardwâlde krijt de jeugdkommisje Zuid Leeft 500 euro. Finkegea krijt in bydrage foar de oanskaf fan in AED.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)