Simmerdeis rekkenet op sa'n 24.000 besikers

27 jun 2015 - 18:19

It Simmerdeisfestival yn Drachten tinkt ek dit jier wer út te kommen op 24.000 besikers. Dat is krekt likefolle as ferline jier. De njoggende edysje is ôfrûne tongersdei útein set en duorret oant snein. Njonken muzykbands is der op it Simmerdeisfestival ek in soad teater te sjen. Hast alle foarstellings binne fergees te sjen.

De measte foarstellings wurde yn Drachten hâlden, mar der binne ek optredens yn de omlizzende doarpen. De lokaasjefoarstellings binne dit jier te sjen yn skouboarch De Lawei en Smelne's Theetún yn Drachten.

Trefwurden: 
Drachten festival Simmerdeis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)