Tige drokke Heamieldagen yn Boalsert

27 jun 2015 - 17:37

Tûzenen minsken hawwe de Heamieldagen yn Boalsert besocht. Neffens de organisaasje kamen der mear minsken op de festiviteiten ôf as ferline jier. It moaie waar spilet in rol, mar ek de jûnsprogrammearring wie grutter fan opset. It poadium is ferpleatst fan it sintrum nei it Julianapark, dêr't mear romte is.

De Heamieldagen fûnen plak fan 24 oant en mei 27 juny. It feest is in âlde tradysje, it giet om it feest nei it ynheljen fan it lêste hea.

Yn Boalsert wurdt it feest fierd mei ûnder oare strjitteteater, muzyk, sporteveneminten en fansels in Heamielkeninginne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)