Winkeldief trappearre yn it sintrum fan It Hearrenfean

27 jun 2015 - 15:24

De plysje hat sneontemiddei op De Dracht op It Hearrenfean in winkeldief oanhâlden. De 55-jierrige man út Drachten hie guod stellen, waard trappearre en naaide út. In foarbygonger besocht de Drachtster tsjin te hâlden. De fertochte woe dy oar slaan, mar dat barde net. De plysje docht neier ûnderysk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)