Tsjerkepaad 2015 úteinset yn Langwar

27 jun 2015 - 14:51

Yn de Herfoarme tsjerke fan Langwar is sneontemiddei Tsjerkepaad 2015 iepene. Sa'n 250 tsjerken binne de kommende simmer op sneontemiddei iepen foar publyk. Yn in grut tal fan dy tsjerken wurde dêrby aktiviteiten organisearre. Dat wurdt dien mei it tema Tsjerke en natuer. Foar dat tema is keazen omdat tsjerken in bepalende faktor binne yn it Fryske lânskip.

Ek is by de tsjerken in soad natuer te finen. Tsjerkepaad 2015 duorret oant en mei sneon 19 septimber.

Trefwurden: 
Langwar Tsjerkepaad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)