Man út Dongeradiel oppakt foar bedriging

27 jun 2015 - 11:34

De plysje hat freedtemiddei in 38-jierrige ynwenner fan ien fan de lytse doarpen fan de gemeente Dongeradiel oanhâlden, omdat er in man mei de dea bedrige hawwe soe. Dat barde op it terras by in kafee yn Eanjum. It slachtoffer, in 50-jierrige ynwenner fan Surhústerfean, belle dêrop de plysje.

Dy hat de 38-jierriige man meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
bedriging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)