Ljouwerter oppakt foar mishanneljen strjittecoach

27 jun 2015 - 11:16

De plysje fertinkt in 30-jierrige Ljouwerter fan mishanneling fan in gemeentlike strjittecoach. Dy spruts de man freedtejûn yn syn wenplak oan op it drinken fan alkohol op de iepenbiere dyk, wylst dat net tastien is. Dêrop skopte de man tsjin de fyts fan de strjitcoach. Dy strjittecoach rûn hjirby ferwûnings op.

De Ljouwerter waard hjirop oanhâlden foar fierder ûndersyk. Earder op de dei hie er ek al in bekeuring krigen foar iepenbiere dronkenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)